Friso knapt Brandaris op

17 okt 2013 - 11:26
  • Brandaris

Boubedriuw Friso fan Snits hat de grutte opknapbeurt fan fjoertoer de Brandaris op Skylge tawiisd krige. Dat hat Rykswettersteat bekend makke. De renovaasje fan de Brandaris begjint yn desimber en duorret in heal jier. Takom moanne wurde by de bunker op it Seinpealdún keten pleatst dêr't de ferkearslieders salang sitte kinne.

De brandaris moat hielendal by de tiid brocht wurde. Sa wurde de doarren en de kezinen ferfongen.Takom moanne hâldt Rykswettersteat mei Friso in ynformaasjemerk om de Skylgers te ynformearjen oer it wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)