Frisiana op herhelling

07 jun 2003 - 00:00

Goed fjirtich jier nei de foarige kear wurdt takom jier hjerst wer in Frisiana yn it FEC yn Ljouwert hâlden. Yn 1963 wie de ferneamde útstalling dy't doe 250.000 besikers luts. Doe waard Frisiana de wrâldtentoanstelling fan Fryslân neamd.

Op de nije Frisiana krijt kultuer in belangryk plak. De provinsje hat stipe tasein. Yn de hjerst fan dit jier wurdt proef draaid. Dan bestiet it FEC 40 jier en binne der tal fan aktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)