Frisian Flag wer los

20 apr 2010 - 14:26

Net allinnich op Skiphol komt it fleanferkear stadichoan wer op gong, ek op de fleanbasis yn Ljouwert geane wer fleantugen de loft yn. It giet allinnich om de Nederlânske F16's. Ferline wike moandei begûn yn Ljouwert de ynternasjonale fleanoefening Frisian Flag, mei piloaten út njoggen ferskillende lannen.

Tongersdeitemoarn waard de oefening stopset yn ferbân mei de jiskewolk dy't oer Nederlân dreau neidat in fulkaan op Yslân útbarste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)