Frisian Flag op fleanbasis

16 apr 2013 - 15:32
  • Mobile CRC by Frisian Flag-oefening
  • Dielnimmende fleantugen oan Frisian Flag 2013
  • Frisian Flag 2013, fleanbasis
  • Frisian Flag 2013, fleanbasis

De Ljouwerter fleanbasis stiet dizze en nije wike yn it teken fan Frisian Flag. Dat is ien fan de grutste ynternasjonale oefenings fan de wrâld. Gefjochtsfleantugen út Nederlân, Dútslân, België, Poalen, Sweden en Frankryk dogge mei oan de oefening.

Alle dagen wurdt oefene boppe de Noardsee. Om it tal klachten oer lûdsoerlêst te beheinen hat definsje 10.000 flyers ferspraat yn de regio. Fierders binne twa gearkomsten hâlden foar omwenners.

Foar it earst wurdt ek de hiele gefjochtslieding út Ljouwert wei oanstjoerd. Earder waard dat noch dien yn it ferkearskontrôlesintrum yn Nieuw Milligen en foar in part yn Dútslân. Mei it Dútske mobile Control and Reporting Centre hoecht dat net mear. Dat CRC bestiet út in santich meter lange tinte en in tsiental konteners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)