Frisia wol ûnderhannelje

21 sep 2011 - 20:33
  • It fabryk fan Frisia yn Harns

Sâltfabryk Frisia yn Harns is ree gjin sâlt te winnen by Slappeterp as it langer sâlt winne mei yn Tsjummearum. Dat sei deputearre Poepjes woansdei yn de steategearkomste. Se hat dêrfoar in 'amtlik sinjaal' krigen dêr't romte yn oanjûn wurdt om te ûnderhanneljen.

Alle steatefraksjes en it kolleezje fan deputearre steaten binne tsjin sâltwinning ûnder lân by Tsjummearum en Peins/Slappeterp. Mar de minister hat dêroer it foech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)