Frisia wol sâlt sitte litte

20 maaie 2011 - 12:20

Frisia Sâlt yn Harns is ree om de plannen foar boarrings by Slappeterp yn de iiskast te setten as it bedriuw langer nei sâlt boarje mei yn Barradiel 2 by Tsjummearum. Frisia mei noch oant 2013 sâlt helje út Barradiel 2. Omdat it oant 2016 duorret foardat der sâlt ûnder de Waadsee weikomt driget der neffens Frisia in tekoart. In nij boargebiet by Slappeterp soe it tekoart tydlik opfange moatte.

De gemeente Frjentsjerteradiel is net bliid mei it foarstel fan Frisia.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)