Frisia wol ek Waadsâltwinning

21 feb 2011 - 21:13
  • Frisia yn Harns

Frisia Sâlt yn Harns kin him yn grutte halen wol fine yn de miening fan minister Verhagen dat sâltwinning it leafst ûnder it Waad plakfine moat. De minister sei dat moandei by syn wurkbesite oan Fryslân.

Dat soe betsjutte dat der by Skingen en Slappeterp net boarre hoecht te wurden. Ut ûndersyk hat ek wol bliken dien dat sâltwinning ûnder it Waad makliker is as earder tocht waard, mar neffens Frisia is der wol in oergongsperioade nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)