Frisia wiis mei rapport

02 feb 2006 - 17:36

Sâltwinningsbedriuw Frisia Sâlt út Harns is tefreden oer de útkomst fan it rapport oer de gefolgen fan de sâltwinning yn Noardwest-Fryslân. Yn it rapport, dat makke is yn opdracht fan de Fryske steaten, stiet dat de fersilting en de boaiemdelgong yn it gebiet net allinnich feroarsaakt wurdt troch de sâltwinning.

De aksjegroep Laat het zout maar zitten wol it earst goed bestudearje. De steaten prate ynkoarten oer it rapport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)