Frisia Sâlt teloarsteld

24 nov 2005 - 15:03

Frisia Sâlt yn Harns is teloarsteld oer de útspraak fan de rjochter dat der gjin sâltliedings mear oanlein wurde meie by Tsjummearum en Easterbierrum. It fabryk hat de liedings nedich om twa nije winputten yn gebrûk te nimmen.

Neffens de rjochter moatte de belangen fan de lâneigners better meinommen wurde by it lizzen fan de liedings. Frisia seit opdrachten mis te rinnen no't it fabryk net op folle kapasiteit draaie kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)