Frisia mei sâlt winne by Doanjum

15 aug 2002 - 00:00

Frisia mei sâlt winne yn it gebiet boppe Doanjum. It sâltfabryk hat dat te hearren krigen fan it ministearje fan Finânsjes. Frisia hie earder al in konsesje krigen. Mar it Ryk moast it produksjeplan noch goedkarre.

Omwenners kinne noch beswier meitsje. De direkteur ferwachtet dat wol. Minsken binne benaud foar boaiemsakjen en skea oan huzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)