Frisia graaft nije sâltput

21 jan 2013 - 16:32

It Harnzer sâltfabryk Frisia lit in nije put grave by Seisbierrum. Dat is flakby in besteande put dy't ôfsluten wurdt. Op dit stuit wurdt der wurke om de komst fan in boartoer ta te rieden.

Frisia mei noch sân jier sâlt út de putten fan Noardwest-Fryslân helje en dan moatte se ûnder de Waadsee sâlt winne. Yn 2016 set Frisia útein mei it boarjen fan in gat ûnder de Waadsee. Dat bart fan it parkearterrein fan it bedriuw ôf, skean ûnder de seedyk troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)