Frisia en provinsje prate wer

19 feb 2014 - 12:50

De kjeld tusken de provinsje en Frisia Sâlt is út de loft. Beide partijen ha praat en de ploaien wer rjocht strutsen. Dy wiene ûntstien nei't Frisia bekend makke hie de fergunningsoanfraach foar de winning fan sâlt ûnder Slappeterp dochs troch te setten. Direkteur Van Tuinen lûkt dy no dochs yn. De provinsje wie poer op it bedriuw. Beide partijen hiene ôfpraat dat Frisia gjin sâlt mear winne soe ûnder lân. Yn ruil dêrfoar set de provinsje him yn foar de winning fan sâlt ûnder it Waad.

Yn 2015 wol it fabryk sâlt fan ûnder de Waadsee fuort helje, mar dy fergunning is noch net ôfjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)