Frisia en boeren sille om tafel

23 mrt 2004 - 00:00

It koart pleit fan Frisia Zout tsjin protestearjende boeren is foarearst fan de baan. Op it lân fan in boer ûnder Kleaster Lidlum namen tsjinstanners fan de sâltwinning moandei trekkers yn beslach. Dy wurde brûkt by de oanlis fan liedingen tusken de sâltwinput en it fabryk yn Harns.

De direksje fan Frisia woe fia de rjochter it materiaal weromeaskje. It aksjekomitee hat oanjûn de blokkade te beëinigen. De partijen sille om tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)