Frisia bliuwt twaddeklasser

12 maaie 2005 - 12:43

De fuotballers fan sneinstwaddeklasser Frisia wûnen woansdei de beslissings- wedstryd om klassebehâld mei 3-2 fan it Grinzer Velocitas. De goals fan Frisia kamen op namme fan Gerton Werkema en Marciano Casio yn de earste helte en Frido van der Wal yn 'e twadde helte.

Frisia kaam op in 3-1 foarsprong, mar fiif minuten foar tiid makken de Grinzers de oanslutingstreffer. Dêrtroch ûntstie noch in spannende slotfase, mar Frisia wûn dochs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)