Fris mar drok strjitfestival

25 maaie 2013 - 15:51
  • In foto fan in eardere edysje fan it strjitfestival

Nettsjinsteande de kjeld hat it Frysk Strjitfestival yn Ljouwert sawat like folle besikers lutsen as oare jierren. Alle parkearkelders stiene fol. Dit jier waard foar it earst it werynrjochte Wilhelminaplein, it Saailân, brûkt foar it haadpoadium fan it festival. Dat plein stie sneontemiddei, op it hichtepunt fan it programma, hielendal fol.

De Frânske akrobaten fan de act Retouramont foarmje de slotakt fan it festival mei in dûns op touwen dy't tusken it Fries Museum, de rjochtbank en it paleis fan Justysje spand binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)