'Frijwilligerswurk goed regelje'

04 jan 2005 - 10:29

It frijwilligerswurk moat stipe wurde troch fiskale maatregels. Ek moat der goed sjoen wurde nei de wetten dy't it wurk fan frijwilligers belemmerje. Dat fynt boargemaster Dales fan Ljouwert, dy't him dêr soargen oer makket.

De gemiddelde leeftyd fan frijwilligers leit heech. Ek giet it allinne om blanke minsken wylst it tal allochtoanen tanimt. Dales wol dan ek graach dat jonge allochtoanen harren ynsette as frijwilliger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)