Frijwilligersfeest yn Harmonie

25 okt 2001 - 00:00

Yn de Harmonie yn Ljouwert wurdt op 6 desimber it Fryske Frijwilligersfestival hâlden. Dit yn it ramt fan it ynternasjonaal jier fan de frijwilliger. It feest wurdt organisearre troch de provinsje en it Ljouwerter frijwilligerskomité. It is bestimd foar 6000 minsken.

De provinsje hat 170.000 beskikber steld foar de finansiering fan it feest, dêr't optredens en workshops wêze sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)