Frijwilligersenkête Opsterlân

18 feb 2007 - 12:55

De gemeente Opsterlân docht ûndersyk nei de problemen dy't frijwilligersorganisaasjes tsjinkomme. Troch wetten en gemeentlike regels tsjin it ljocht te hâlden hopet de gemeente dat it wurk fan dy organisaasjes wat makliker wurdt.

Frijwilligersorganisaasjes krije in fragelist tastjoerd, mei it fersyk dy yn te foljen en werom te stjoeren. Dêrnei folget noch in byienkomst om op in tal fragen wat djipper yn te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)