Frijwilligerscamping te keap

26 mrt 2007 - 22:58

Camping de Blauwe Kamp yn Nij Beets stiet te keap. Fjirtich jier lang ha frijwilligers de camping yn it doarp draaiende hâlden, mar it wurk wurdt se te folle.

Hielendal as it Polderhoofdkanaal wer befarber makke is. It slagget no ek al hast net mear om alle simmers genôch frijwilligers te finen foar it ûnderhâld, it skjinmeitsjen fan de dûsjes en it behear fan de resepsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)