Frijwilligers yn it sintsje

27 aug 2007 - 14:18

Wenningstifting De Wieren yn Snits beleannet minsken dy't frijwilligerswurk dogge yn de Snitser stedswiken. Sy krije in frijkaartsje foar it festival 24uurCultuur dat freed en snein hâlden wurdt.

De wykferieningen koene de kaarten by de wenningboukorporaasje bestelle foar de frijwilligers yn har wyk. Troch de frijwilligers yn it sintsje te setten wol De Wieren se betankje foar har goeie wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)