Frijwilligers ûnmisber by sport

07 okt 2003 - 00:00

Sportferienings moatte better soargje foar de frijwilligers. Dat sei Jeroen Bendijk fan Sport Fryslân moandei op de sportmerk yn it Aquaverium yn Grou.

It is dreech om frijwilligers te finen, mar ek om se fêst te halden. Dêr kinne ferienings faak noch in hiel soad terrein winne. Dat kin troch bygelyks in kursus te jaan, mar ek de frijwilligers sa no en dan op it stuoltsje te setten. Dat bart net genôch, is de ûnderfining fan Bendijk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)