Frijwilligers socht op Skylge

24 jan 2005 - 09:29

Steatsboskbehear is op syk nei frijwilligers dy't de Boschplaat op Skylge befeiligje wolle. Troch besunigings is it foar de natuerorganisaasjes dreech wurden de bewakingsposten yn it gebiet te bemannen.

Entûsjaste frijwilligers soene dêrom ynset wurde kinne foar de taken fan boskwachter. De frijwilligers moatte kennis ha fan it gebiet en goed mei minsken omgean kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)