Frijwilligers slope flat

23 aug 2011 - 13:29
  • De sloop is yn folle gong
  • foto's Omrop Fryslân/Oetze Deelstra

Ljouwert wol faker frijwilligers út de wyk freegje foar sloopwurksumheden. Dat seit de gemeente Ljouwert.

Op dit stuit helpe ynwenners fan de wyk Heechterp-Schieringen by de sloop fan de Wilgenflat yn Ljouwert en dat foldocht tige goed. Yn dizze wyk wenje in soad wurkleazen en op dizze wize kinne se dochs oan it wurk. Se krije hjir neat foar betelle, mar it stiet wol goed op de cv. De sloop fan de flat is hast hielendal klear. Nije wike giet it gebou tsjin de flakte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)