Frijwilligers rêde sânplaat by It Amelân op

27 jul 2015 - 10:15

In groep frijwilligers hat snein it Waad op west om ôffal op te rêden op in sânplaat tusken It Amelân en Skiermûntseach. It giet dan benammen om plestik, dat foar hieltiid gruttere problemen soarget op see. Sa tinke fûgels en seehûnen dat it plestik te iten is. It ôffal spielt troch de see oan.

Frijwillichster Nienke Dijkstra meldt dat se snein in berch ôffal fan it waad oprêden hawwe. Behalve in soad plestik, hawwe se ûnder oare in matras, kuollboks en stofsûgerslangen fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)