Frijwilligers nedich om mantelsoarch oer te nimmen

29 jun 2015 - 10:22
  • Blommen foar de earste frijwilliger dy't trije dagen mantelsoarch oernommen hat

It moat makliker wurde foar mantelsoargers om der efkes tuskenút te kinnen. De stichting Wellzo yn Ljouwert siket dêrom frijwilligers dy't de mantelsoarch tydlik oernimme kinne. Dat kin by minsken thús of op termyn yn saneamde respijtkeamers. Sokke keamers by soarchynstellings wurde ynrjochte om in pear dagen te brûken foar de soarch fan minsken dy't fan mantelsoarch ôfhinklik binne.

Wethâlder Andries Eckhart fan Ljouwert brocht moandei in blomke by in frijwilliger dy't trije dagen de taken fan in mantelsoarger oernommen hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)