Frijwilligers lokale omrop LEO stappe op

28 nov 2015 - 09:02

Noch mar in goed jier nei de start fan de nije lokale omrop LEO yn Ljouwert is der in konflikt tusken in groep frijwilligers en de direkteur. De makkers fan guon radioprogramma's wolle net langer trochgean, oant direkteur Casper Smits opstapt. Sy fine dat hy net goed kommunisearret, programmamakkers tsjinwurket en neat docht oan de problemen by LEO.

De ûntefreden meiwurkers sizze dat se foarstellen dien hawwe foar ferbettering, mar dat dy net oppakt wurde. Direkteur Casper Smits tinkt sels net oan opstappen.

Der wie neffens him in goed oerlis tusken de direksje en de groep frijwilligers. Dêrneist wiene der krekt ôfspraken makke oer ferbetterings. Smits hie net ferwachte dat de minsken opstappe soene. Hy rjochtet him no op de groep dy't bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)