Frijwilligers lid fan Nynke

25 feb 2005 - 16:00

De frijwilligers fan soarchsintrum Nieuw Toutenburg yn Noardburgum meie fergees lid wurde fan Nynke. Dat is in service-organisaasje. Se krije it lidmaatskip kado fan it fersoargingshûs, fanwege har ynset.

De frijwilligers meitsje bygelyks de tsjerketsjinsten mei mooglik, se helpe yn it kafee en geane by bewenners op besite. As lid fan Nynke kin je gebrûk meitsje fan tsjinsten lykas túnûnderhâld en de boadskippetsjinst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)