Frijwilligers krije preemje

24 jan 2014 - 16:31

Mear as hûndert minsken yn Súdwest-Fryslân mei in bystânsútkearing ha in frijwilligerspreemje krigen. De gemeente jout dizze groep minsken maksimaal 500 euro per jier foar it frijwilligerswurk dat se dogge.

De preemje is bedoeld foar minsken dy't 27 jier of âlder binne, en dy't yn elk gefal fjouwer oeren yn 'e wike in healjier lang frijwilligerswurk dogge. Foarich jier hat Súdwest-Fryslân sa'n 56.000 euro útjûn oan de frijwilligerspreemje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)