Frijwilligers as gesinscoach

17 jan 2013 - 14:55

De stifting Wolwêzen Middelsee siket frijwillligers dy't oan de slach wolle as gesinscoach. Minsken dy't har oanmelde en geskikt binne begeliede yn har direkte omjouwing in jong gesin mei foaral praktyske saken lykas boadskipje of it op bêd bringen fan bern. Ek jout de begelieder advys oer ûnder oare sûn iten en omgean mei jild. It projekt is opset troch de Feilichheidsregio Fryslân en it Sintrum foar Jeugd en Gesin. Dy organisaasjes konstatearje dat guon âlders mei bern ferlet hawwe fan praktyske help by it grutbringen fan jonge bern.

De frijwilligers jouwe help by gesinnen yn Menameradiel, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel en It Bilt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)