Frijwilligers fersekere

15 jan 2009 - 15:36

Littenseradiel hat in ferskering ôfsletten foar alle frijwilligers yn de gemeente. Dêrmei binne de frijwilligers fersekere tsjin ûnder oaren oanspraaklikheid en ûngemakken dy't barre by har frijwilligerswurk.

Dêrmei wol de gemeente it makliker meitsje foar minsken om frijwilliger te wurden. Allinnich frijwillige brânwachtminsken en plysjeminsken binne net troch de gemeente fersekere om't dy har eigen fersekeringen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)