Frijwilligers Alvestêdeferiening bedrige

20 des 2014 - 11:49
  • It bestjoer fan de Vereniging 'De Friesche Elf Steden'
  • Grutte opkomst op de ledegearkomste fan de Alvestêdeferiening

Frijwilligers fan de Alvestêdeferiening binne telefoanysk en mei brieven bedrige troch leden. Reden wie de opskjinaksje ûnder leden troch it bestjoer. Alde leden wie frege om oan te jaan oft se noch langer lid bliuwe woene. Wa't neat fan him hearre liet, waard automatysk útskreaun.

Neffens foarsitter Wiebe Wieling sil it bestjoer besjen hokker maatregels se tsjin dizze leden nimme sille. Wieling sei dit sneon op de ledegearkomste fan de feriening yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)