Frijwilliger helpt mei skulden

12 apr 2012 - 14:28

It Hearrenfean set frijwilligers yn om hûshâldens fan har skuld ôf te helpen. Mei help fan Schuldhulpmaatjes wurdt besocht sa betiid mooglik yn te gripen as der jildproblemen ûntsteane. De skuldhelpferliening op It Fean rjochtet him tenei op minsken dy't motivearre binne om út de skulden te kommen en te bliuwen. Dat betsjut dat minsken mei bygelyks ferslavingsproblemen dy't ek nei begelieding net út de skulden bliuwe koene, net mear yn de beneaming komme. Sy krije oare help oanbean.

It budzjet foar skuldhelpferliening giet werom fan 550.000 nei 155.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)