Frijwillige brânwacht moat oars

08 jan 2002 - 00:00

De frijwillige brânwacht moat oars organisearre wurde. Dat sei kommandant van Meegdenburg yn in reaksje op syn Grinzer kollega. Dy sei dat de frijwilligers mear jild ha moatte. Van Meegdenburg tinkt dat it probleem oan de beskikberens fan de minsken leit.

De measten ha in baan en kinne inkeld wykeins byspringe. Om in oar systeem te ûntwikkeljen moat der mear jild komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)