Frijspraak yn saak deadlik ûngelok by Harns

20 aug 2015 - 16:10

In 40-jierrige Amsterdammer is tongersdei troch it gerjochtshôf yn Ljouwert frijsprutsen fan skuld oan in deadlik ferkearsûngelok op de N31 by Harns. Op 15 juny 2012 kaam in 38-jierrige Harnzer om it libben by de botsing. Neffens it hôf is net te bewizen dat de Amsterdammer in ûnferantwurdlike ynhelaksje makke hat.

Dat de man, dy't achter in frachtwein ried, dochs oer de trochlutsen streep ried en dêrby frontaal op de auto fan de Harnzer botste, soe te krijen hawwe mei in sliepsteurnis. Dêrom falt de man neffens it hôf neat te ferwiten.

Earder waard de Amsterdammer feroardield foar roekeleas riden en moast hy acht moannen, wêrfan fjouwer ûnder betingst, de sel yn. Dêrneist mocht de man trije jier lang net ride.

Hy gie yn heger berop en hat no gelyk krigen. De man is behannele foar syn sliepsteurnis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)