Frijspraak yn frikadellesaak

08 des 2009 - 16:27

De trije jonges, dy't fertocht waarden fan ferkrêfting mei in frikadel yn Stynsgea, binne tiisdei yn heger berop frijsprutsen. Yn de maitiid fan 2006 waard in jonge fan 13 jier mei in beferzen frikadel anaal penetreard troch trije leeftydsgenoaten. Dat wie yn in keet, dêr't de jonges faker byinoar kamen.

Neffens it gerjochtshôf giet it om in mispleatste grap. It soe om in weddenskip gean, dêr't it slachtoffer yn earste ynstânsje oan meidwaan woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)