Frijspraak yn ferkrêftingssaak

02 des 2002 - 00:00

De fertochte yn de saak fan de Drachtster ferkrêftingen is moandei foar it Hôf yn Ljouwert op 'e nij frijsprutsen. De man waard fertocht fan trije ferkrêftingen yn Drachten. De rjochter fûn dat der te min bewiis is.

Yn heger berop wie fjouwereninheal jier sel tsjin de man easke. Neffens it iepenbier ministearje hie de man him nei de ferkrêftingen apart gedroegen. Ek sei ien fan de slachtoffers de man te herkennen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)