Frijspraak troch flater foto's

09 nov 2012 - 18:59

De plysje moat de wurkwize feroarje as it giet om it pleatsen fan foto's op Dadergerzocht.nl. Dat seit advokaat Hugo Kielman nei oanlieding fan in útspraak fan de plysjerjochter. In kliïnt fan Kielman is frijsprutsen fan winkeldieverij, omdat de plysje sûnder tastimming fan it Iepenbier Ministearje foto's op de opspoaringssite set hie.

Yn de wet stiet dat tastimming frege wurde moat oan de haadoffisier fan justysje foar it pleatsen fan bylden. Neffens Kielman bart dat hiel faak net.

De útspraak soe neffens him gefolgen ha kinne foar misdriuwen dy't mei Dadergezocht.nl oplost binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)