Frijspraak frege foar aaisiker

05 nov 2010 - 14:36

Advokaat Van der Goot hat freed yn heger berop frijspraak frege foar in aaisiker (43) út Hurdegaryp. De man waard 2 jier lyn oanhâlden, omdat hy ljipaaien socht yn guozzegedoochgebiet. Dêr meie je pas nei healwei fiven middeis komme.

De gedoochgebieten steane oanjûn op in kaart op de website fan de provinsje. Van der Goot fynt dat soks net genôch is foar in feroardieling, hielendal omdat dy kaart twa jier lyn neffens him fierstente faach wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)