Frijspraak foar tillefoanstalker

11 mrt 2005 - 05:55

In eardere ynwenner fan Wiuwert, dy't begjin dit jier yn trije oeren tiid mear as 140 kear it nûmer fan syn húsdokter belle hat, is tongersdei troch de plysjerjochter frijsprutsen. De offisier fan justysje hie in feroardieling easke, omdat de man (33) troch it beljen it telefoanferkear foar helptsjinsten yn gefaar brocht ha soe.

De rjochter fynt dat dêr gjin sprake fan is. It iepenbier ministearje giet yn heger berop tsjin de útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)