Frijspraak foar 'nepdokter'

06 apr 2012 - 16:08
  • Justysje

De rjochtbank hat in man fan De Tynje frijsprutsen fan ferkrêfting. De man die him foar as ûndersiker fan 'e Ryksuniversiteit Grins. Mei falske papieren en betochte ferhalen hat er misbrûk fan twa froulju makke. De rjochtbank fûn dat de man liichd hat, mar ek dat der fan twang gjin sprake west hat, en dêrom folge frijspraak.

Foar it ferfalskjen fan dokuminten wurdt de man wol feroardiele ta 240 oeren wurkstraf. Omdat der neffens de rjochtbank gefaar op herhelling bestiet, krige de Tynster ek twa moanne selstraf op betingst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)