Frijspraak foar mishanneling

20 nov 2008 - 17:01

De rjochtbank hat tongersdei twa Ljouwerters frijsprutsen fan mishanneling fan har soantsje. Neffens de rjochtbank is wol bewiisd dat de twa har no ien-jierrige soantsje mishannele hawwe, mar is net dúdlik wa fan de twa dat dien hat.

It berntsje waard fiif wike nei syn berte opnaam yn it sikehûs mei in skedelbasisfraktuer. Ut ûndersyk die bliken dat dy it gefolch wie fan mishanneling. It jonkje hie ek blauwe plakken en strimen op syn lichem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)