Frijspraak foar befeiliger

04 feb 2009 - 14:29

De rjochtbank yn Rotterdam hat in befeiliger (47) út Snits frijsprutsen. De man waard troch it iepenbier ministearje fertocht fan mishanneling by de Bavaria City Race yn Rotterdam, yn 2006. It slachtoffer soe troch de mishanneling twa dagen letter ferstoarn wêze.

Neffens de rjochtbank is dêr lykwols gjin bewiis foar. Der wie njoggen moanne selstraf tsjin de Snitser easke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)