Frijspraak fertochte brân Snits

04 maaie 2005 - 11:05

It gerjochtshôf yn Ljouwert hat de man (45) frijsprutsen, dy't earder 2,5 jier sel krigen hie foar brânstifting yn Snits. De man, in swalker, hie begjin ferline jier brân makke yn in stege yn Snits. Trije winkels baarnden ôf en njoggen rekken slim fernield. De skea rûn yn de miljoenen.

It Hôf fûn dat brânstifting net bewiisd wurde koe. De fertochte seit dat er fjoer makke hie om waarm te wurden en dat er dat letter úttrape hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)