Frijspraak ferkrêfting Eastrum

01 jun 2011 - 14:35
  • It plak fan de ferkrêfting yn 2006

It gerjochtshôf yn Ljouwert hat in 39-jierrige man út Grins frijsprutsen fan de ferkrêfting fan in famke út Eastrum. Neffens is hôf is der net genôch bewiis dat de man it doetiids 13-jierrige famke yn desimber 2006 fan de fyts lutsen hat en ferkrêfte hat. Dat barde moarns tsjin achten op de Tichelwei tusken Dokkum en Eastrum, doe't se ûnderweis nei skoalle wie.

It bewiis tsjin de man wie meager. Sa ha tsjûgen sein dat er op it tiidstip fan it misdriuw op it wurk wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)