Frijspraak fan mislediging

22 jun 2006 - 21:46

In 54-jierrige man út Aldehaske is net skuldich oan mislediging fan boargemaster Kuiper fan Skarsterlân. Dat seit it gerjochtshof yn Ljouwert. De man út Aldehaske hat twa jier lyn in brief stjoerd oan it Iepenbier Ministearje.

Hy die doe oanjefte fan machtsmisbrûk en neamde de boargemaster 'korrupt'. Earder waard de man by de rjochtbank al frijsprutsen. Boargemaster Kuiper wol dat it IM yn kassaasje giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)