Frijspraak eksploazje St. Anne

24 mrt 2011 - 15:48

De 61-jierrige fertochte út Sint Anne fan it yn 'e brân stekken fan it hûs fan syn eks is troch de rjochtbank frijsprutsen. Gjin tsjûge kin har ferklearring befêstigje. De eks-frou beskuldiget de man fan brânstifting. Hy soe benzine troch de brievebus getten hawwe, wêrtroch't der in eksploazje ûntstie. Dêrtroch hiene twa huzen skea.

De rjochter soe begjin jannewaris al útspraak dwaan, mar stelde dat út omdat er de frou nochris hearre woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)