Frijmerken kalmer as oars

30 apr 2013 - 16:30
  • De frijmerk yn Ljouwert fan ferline jier
  • Byld fan de frijmerk yn Bakkefean
  • Byld fan de frijmerk yn Harns
  • Abdicatie op TV

De frijmerk yn Ljouwert kaam dit jier letter op gong as oars. Dat seit merkmaster Emiel de Vlas. Benammen tiisdeitemoarn by de abdikaasje wie it rêstich yn de stêd. Middeis waard it drokker. Nei alle gedachten hawwe der tiisdei mei-inoar sa'n 75.000 besikers yn Ljouwert west.

Ek wie der dit jier minder plysje yn Ljouwert, omdat in soad aginten nei Amsterdam ta moasten fanwege de ynhuldiging fan Willem-Alexander. Ek yn Snits wie de frijmerk kalmer as oare jierren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)