Frij swimme as protestaksje

28 aug 2013 - 12:20
  • Swimbad

Yn swimbad Vitaloo fan Boalsert wie it woansdeitemoarn frij swimmen. It is in protest tsjin de driigjende sluting fan de gemeente Súdwest-Fryslân dy't besunigje wol. De gemeente wol it swimbad yn 2018 ôfstjitte. De gemeente praat dêr woansdeitejûn oer. Der wurdt in grutte opkomst ferwachte fan minsken dy't it swimbad iepenhâlde wolle. Der is ek al in hantekenaksje opset. Op 12 septimber nimt de gemeenteried in beslút.

De fraksje fan it CDA yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân fynt dat it swimbad iepen bliuwe moat. Neffens de partij is sluting no noch net nedich. It CDA fynt dat it kolleezje mei de Boalserters in oplossing betinke moat om it swimbad te behâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)