Friezinnen yn Yngling-finale

24 maaie 2008 - 16:27
  • Ynglingsylsters Brechtje van der Werf, Marije Kampen en Marije Faber sitte yn de finale (argyffoto)

Brechtje_van_der_Werf fan Snits en Marije Kampen fan Starum ha har mei stjoerfrou Renee Groeneveld pleatst foar de finale fan de Ynglingklasse yn Medemblik.

Mei noch ien wedstriid te gean ha de Nederlânske froulju in achterstân fan fiif punten op nûmer 1, de boat fan Dútslân. De Nederlânske ploegen dogge it bêst op de Delta Lloyd Regatta. Fjouwer ploegen hawwe har pleatst foar de finale mei tsien boaten en dûbele punten. Ek Marije Faber sylt de finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)