Friezinnen yn volleybalseleksje

21 aug 2004 - 09:22

De Friezinnen Sanna Visser en Titia Sustring binne troch bûnscoach Avital Selinger selektearre foar it Nederlânsk volleybalteam. Dat spilet yn septimber yn Turkije kwalifikaasjes foar de Grand Prix, in lannetoernoai foar nasjonale volleybalteams.

Titia Sustring kaam as famke út foar Snits en spilet no foar Benidorm yn Spanje. Sy spile 55 ynterlands. Sanna Visser út Deinum spilet by volleybal- klup Weert. Sy hat 6 ynterlands spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)